Ferkiezingsprogram Sosjaal Liberale Folkspartij SLVP - List 12

 

Progressyf  Sosjaal en Liberaal ferienige

I Yntroduksje

Wolkom yn it ferkiezingsprogram fan de Sosjaal Liberale Folkspartij. Yn dit ferkiezingsprogram kinne jo lêze hokker ûnderwerpen wy yn ‘e gemeenteriedsferkiezings fan maart 2010 sintraal stelle.

De Sosjaal Liberale Folkspartij hat ta doel alle progressyf sosjale en progressyf liberale minsken te fertsjinwurdigjen en te ferienigjen yn ien politike partij.

Utgongspunt sil wêze Sosjaal mei Moed en Liberaal mei Hert. It beste fan beide streamings yn ien partij ferienige. Mei oare wurden: de private sektor at it kin, de oerheid at it moat. De SLVP is dêrtroch ek mear in “sake”partij as in útsprutsen politike partij.  Wy litte ús liede troch in oantal kearnwearden, sa as respekt, fertrouwen, iepenheid, en frijsinnigens. Sy foarmje de grûnslach, it draachflak fan ús hanneljen. Earne oars yn dit ferkiezingsprogram kinne jo mear oer ús kearnwearden lêze.

Smellingerlân kin nei ús betingst folle better. Dat is ek de reden dat wy –te begjinnen yn Smellingerlân- dielnimme oan ‘e gemeenteriedsferkiezing. Foar ús komt dit ek fuort út ‘e hjoeddeistige maatskiplike realiteit, dêr’t it klassike ûnderskied tusken kapitaal en arbeid yn ferfaget en de tradisjonele wearden en ankerpunten ferdwine (ûntpyldering). Der is in nije klasse ûntstien fan mûnige minsken, dy’t genôch hawwe fan it beskoalmasterjen op inkeld ideologyske grûnen. It program biedt garânsjes foar minsken dy’t wier net mear kinne. Ús folksfertsjinwurdigers  sitte noch te bot fêst yn harren eigen dogma’s. Hjirtroch kinne  progressive krêften harren net ferienigje, yn tsjinstelling ta de konfesjonele partijen.

Wy stean foar in pragmatyske, grinsferlizzende en ynnovative koers, net bûn oan hokker partij-ideology dan ek. It belied fan ‘e grutte, lanlike partijen wurdt te bot dominearre troch de problematyk yn ‘e rânestêd. Lokale problematyk moat neat ha fan it “Haachske” beskoalmasterjen en freget om in lokale oplossing. Gjin paternalisme, mar pragmatisme! Wy wolle in platfoarm biede foar dialooch, diskusje en ideefoarming, troch minsken dy’t fernijing foarstride, mear te belûken by dy oplossings.

Sosjaal liberale folkspartij: progressyf sosjaal en progressyf liberaal Smellingerlân ferienige!


II Program

BESTJOER

De Sosjaal Liberaal Partij, dy´t hjirnei SLVP neamd wurde sil, fynt dat it bestjoer allinne it fertrouwen fan ´e minsken fertsjinje kin as it sels ek betrouber hannelt. Dit betsjut dat it bestjoer transparant, iepen en sichtber wêze moat. Dêrom gjin reginten mar bestjoerders, gjin arrogânsje mar ynlibbend fermogen, gjin politike spultsjes mar in op ´e saak rjochte oanpak.

Dêrom fan beskoalmasterjen nei ûntwikkeljen, fan regel nei kânsen sykje, fan Rânestêdlike dominânsje nei selsstannich (regionaal) stjoerd belied.

De ekonomyske ûntwikkeling heart mear fraachstjoerd as oanbodrjochte te wêzen. Dêrfoar sille de gemeentlike ynstruminten yn folle breedte ynset wurde. Sa sil priisfariaasje tapast wurde om ‘e wenningbou te begeunstigjen.

Ôfhinklik fan it ûnderwerp kin in boargersplatfoarm oprjochte wurde, dêr’t boargers frege en ûnfrege ynfloed útoefenje kinne op ‘e beslútfoarming. Dêrby sille de mooglikheden fan ‘e moderne kommunikaasjemiddels safolle mooglik benut wurde.

Foar elts doarp en eltse wyk sille “tsjinstdwaande” wethâlders en riedsleden oanwiisd wurde. 

Sprekoeren foar wethâlders en fraksjefoarsitters binne fanselssprekkend yn ús bestjoersfilosofy. Wy stean foar skaalfergrutting yn it bestjoer. Gruttere bestjoerlike ienheden wurde befoardere. Oan dizze ienheden binne gemeentelike loketten en ynformaasjepylders keppele. Boargers moatte maklik tagong ha ta de ynformaasje dy’t foar harren wichtich is.

Frijheid fan mieningsutering en frijsinnigens (one-issue noch Rânestêdpartij) sille foar in betrouber en transparant bestjoer wichtige prinsipes wêze. Wethâlders sille foardroegen wurde út de eigen partij of dêrbûten. Sy moatte wol bining mei de regio hawwe en moatte de regionale mentaliteit kenne. De foar te dragen wethâlder past wat profyl oanbelanget op ‘e portefeuille(s) dy’t de koalysje-ûnderhannelings opleverje sille.

Wy binne in foarstanner fan in mear federative ynrjochting fan Nederlân. Noard-Nederlân kin yn ús optyk in bestjoerlike ynheid foarmje.

Besteande bûtenlânske kontakten, bygelyks mei Kyriat Ono, moatte oanhâldend neffens harren wearde hifke wurde.

 DRACHTEN

Foar Noard-Nederlân, Fryslân en de regio hat Drachten in wichtige wen- en wurkfunksje: dy heart fersterke te wurden. De SLVP wol dat berikke mei in pakket fan stimulearjende maatregels, sa as sneinsiepening, ûntwikkeling fan de rekreative sektor (kasino + frijetiidsfasiliteiten), kantoar- en wenningbou en in dêrby hearend aktyf grûnwinningsbelied.

Gemeentlike en provinsjale blokkades dy’t dizze ûntwikkelings yn ‘e wei stean, sille opheffen wurde. In konservatyf belied past net by de ûntwikkelingsgedachte fan ‘e SLVP.

Dat bestsjut letterlik dat de feart der yn moat en dat de farferbining tusken Drachten-East en it Grinzer- en Noard Dútske fargebiet ta stân komme moat.  Dizze ûntwikkeling wurdt keppele oan in aktyf kultuerhistoarysk belied. Der moat in transferium komme, dêr’t toeristen en rekreanten in útfalsbasis hawwe om ‘e Fryske Wâlden te belibjen.

De oantreklikens fan Drachten en ‘e omlizzende doarpen wurdt dêrmei befoardere en ek de wenfunksje wurdt der troch fersterke. Fierdere ûntwikkeling fan de al besteande kennisyndustry (Research & Development) sil yn gearwurking mei it bedriuwslibben stimulearre wurde.

It kulturele oanbod heart net dea te blieden troch rivalisearjende ynstellings. Wannear’t it winsklik is en foaropsteld dat de kwaliteit dermei ferbettere wurdt, moat it mooglik wurde dat dizze ynstellings selsstannich fierder kinne.

Wykferbetteringsplannen moatte fersneld útfierd wurde. Kwaliteit fan wenjen en omjouwing is dêrby wichtiger as it tanimmen fan it oantal wenten yn ‘e wyk. Yn ‘e wiken fan Drachten hearre leefberens, libbensrinbestindich wenningsoanbod en oare foarsjennings foar âlderen sa’n nivo te hawwen dat sy yn harren eigen, fertroude omjouwing wenjen bliuwe kinne.

 DOARPEN

Yn ‘e doarpen moatte mear wenten boud wurde. Doarpsbewenners moatte de kar hawwe yn harren eigen doarp wenjen te bliuwen. Dit jildt benammen foar starters en âlderen.
De boustream yn ‘e doarpen moat fan mei hoarten en stuiten nei mearjierrich.
De evenredige ferdieling tusken Drachten en de doarpen op basis fan ynwennersoantallen, is yn it resinte ferline loslitten. Dit moat hersteld wurde; in ynhelslach past hjirby.

Lytsskalige wurkgelegenheid sil aktyf befoardere wurde yn gearwurking mei regionale bouwers/oannimmers en wenningskoöperaasjes. Leechrin fan ´e doarpen moat foarkommen wurde. It foarsjenningsnivo moat bestindich wêze foar de takomst. Soarcharranzjeminten, keppele oan stimulearring fan in goede middenstân, binne dêr in goed foarbyld fan.

Rekreative ûntwikkeling moat ek stimulearre wurde. De gemeente moat dêr it foartou yn nimme. Doarpen sille wêr mooglik oansletten wurde op it Frysk-Grinzer marregebiet. Sy sille ûntsletten wurde foar de rekreative feart. Ek sil in bettere oanslúting mei it Nasjonaal Lânskip de Fryske Wâlden realisearre wurde. It befoarderjen fan ´e ferkeapberens fan streekmerken is dêrby ek in wichtich elemint.

 FRYSKE WALDEN

De regio Fryske Wâlden kin úttsjutte wurde as in lânskiplik tekenjende ienheid.
Das jildt wat de kulturele identiteit oanbelanget ek.
Yn tsjinstelling ta oare gebieten yn Fryslân (it Fryske marregebiet, de alve stêden, regio Súdeast) wurde dizze kwaliteiten yn ús regio net folslein benut.
Dynamyk én rêst binne tekenjend foar dizze regio.

De regio moat mear promoate wurde. De rekreative en kulturele kwaliteiten moatte better benut wurde. De streekeigen produktûntwikkeling sil dêrfoar fuortsterke wurde. Ek wenjen yn ‘e Fryske Wâlden moat mei klam promoate wurde.
Benammen wenjen is in wichtige drager foar wurkgelegenheidsûntwikkeling yn ús regio.

Om ‘e ‘regiobranding’ ta in súkses te meitsjen, moat der foar it Nasjonaal Lânskip de Fryske Wâlden in gebietsautoriteit komme dy’t oer de grinzen fan ‘e gemeente hinne giet. Dit iepenbiere lichem sil bestean út keazen bestjoerders, ûndernimmers en boargers. It sil it yntegrale belang yn ‘e regio behertigje en hat dêrby beskikking oer in eigen budzjet.

 FERKEAR, FERFIER EN FERKEARSFEILIGENS

Foar in optimale ûntwikkeling fan Drachten, Smellingerlân én de regio, is in goede ynfrastruktuer (dyk, wetter en spoar) fan libbensbelang.
De spoarferbining Grins-Drachten- It Hearrenfean moat yn giselfeart oanlein wurde.
It lêste karrespoar, de N381 tusken Drachten en Emmen (Dútske Autobahn), moat direkt in fjouwerbaansdyk wurde, mei de opsje ta upgrading nei in autosneldyk.

De Wâldwei Drachten-Ljouwert moat foarsjoen wurde fan in flechtstreek, sadat dizze de status fan in autosneldyk (120 km/oere) krijt. Uteinlik moat it hiele trajekt fan de ôfslútdyk ôf fia Harns, de heak om Ljouwert en it trajekt Ljouwert-Drachten-Emmen (Dútske Autobahn) de status fan autosneldyk krije moatte.
Dit sil in substansjele ympuls opleverje foar de wurkgelegenheid.

De yndustryhaven yn Drachten moat tagonklik wurde foar gruttere skepen as oant no ta (kategory A5). De gemeentlike bus moat werom yn ‘e doarpen.

It fytspaadnetwurk moat ferbettere wurde. Dit befoardert de fytsfeiligens en sa ûntsteane ek mear fytsfeilige skoalrûtes, boppedat is it goed foar de rekreative ûntwikkeling. Lânskiplike diken en rûtes moatte wol berikber bliuwe foar it autoferkear. It fytspaadstelsel sil mei hjirtroch ek útwreide wurde moatte. It fytspaad hâldt net op by de grinsoergong mei in oare gemeente.
In plan op it nivo fan ‘e Fryske Wâlden is dus needsaaklik.

 UNDERWIIS

De SLVP kiest foar iepenbier ûnderwiis, dêr’t romte by bean wurdt oan ûnderrjocht yn geastlike streaming.
Kwaliteit fan it ûnderwiis giet by de SLVP foar alles.
Wy fine it ûnakseptabel dat it ûnderwiis yn ús regio efterbliuwt op it lanlik gemiddelde.
De SLVP wol mear ynsette op resultaatferplichtings as op ynspanningsferplichtings.
Efterstannen yn it ûnderwiis sille sa fuortwurke wurde. Der sil ynfestearre wurde yn it befoarderjen fan de kwaliteit fan it ûnderwiis, dêr’t sport en libbensstyl ekstra oandacht by krije sille.
It is saak dat yn it ûnderwiis rêst en stabiliteit bean wurdt. It bern moat wer sintraal stean yn stee fan de boekhâlding, de gearkomste of it lochboek.
Neist de talen Ingelsk en Frysk, moatte skoalbern ek kieze kinne om lessen te folgjen yn wrâldtalen. Wat skaalgrutte oanbelanget past HBÛ-ûnderwiis yn Drachten; dit bynt jongelju langer oan har eigen regio.

  EKONOMY, WURKGELEGENHEID EN REKREAASJE

It bestriden fan ‘e wurkleazens is foar de SLVP in spearpunt.
De ekonomyske ûntwikkeling moat yn ‘e folle breedte stimulearre wurde.
Dêrby wurdt de klam lein op rekreative/toeristyske ûntwikkeling en wenningbou-ûntwikkeling as driuwende krêften efter de regionale wurkgelegenheid. Der sil ynfestearre wurde yn it ûnderwiis en heechweardige wurkgelegenheid.
Fierdere stimulearring fan de al besteande R&D(Research&Development)–kennis krijt prioriteit.

De sintrumposysje fan Drachten en de regio sil yn breder noardlik ferbân fersterke wurde. Dêr past gjin ferset tsjin de sneinsiepening by.
De swarte sneinen passe net by de alluere fan Drachten, ek al wurde dizze kultureel neamd.

Noardlike gearwurking moat befoardere yn stee fan ôfbrutsen wurde. Kontakten mei en tusken ûndernimmers moatte yntinsivearre wurde, sadat de ekonomyske ûntwikkeling stimulearre wurdt. Baanbrekkende ynnovaasjes moatte net mijd wurde en risiko’s op mislearrings wurde ynkalkulearre.

Lytse ûndernimmers, sa as selsstannigen sûnder personiel (SSP-ers), wurde aktyf stipe troch de gemeente yn tiden fan ekonomyske krimp.
Subsydzjeregelings rjochte op it stimulearjen fan ekonomyske aktiviteiten wurde ferienfâldige.
It jaan fan foarskotten yn ‘e foarm fan oerbrêgingskrediten heart ta de mooglikheden. Ekonomyske groei sil hieltyd ôfweage wurde tsjin ekology, miljeu en duorsumens, dêr’t yn ús eagen it ekonomysk belang úteinlik swier by weacht.

 IEPENBIERE OARDER EN FEILIGENS

It belied rjochte op ‘e oanpak fan probleemjongerein –autochtoan likefolle as allochtoan- oanskerpe wurdt. Dêrneist bliuwe oerlêstigjend gedrach en lytse kriminaliteit ús folle oandacht freegjen.

Boargers moatte fertrouwen krije en hâlde yn justysje en plysje. Dit hâldt yn dat as in boarger oanjefte docht, mei dizze oanjefte ek wurklik wat dien wurdt.
As hy hjiroer te lang yn it ûnwisse bliuwt, nimt de yrritaasje ta, wat ek de ferhâlding tusken boarger en it gesach ûnderwrot. Dêrom minder oandacht foar de boekhâlding en mear fanwegen komme op strjitte.

Dêrom ek: kamera’s op plakken dêr’t faak oerlêst is.

 FINANSJES

De gemeentlike finânsjes hearre ta it domein fan it mienskipsjild, de kollektive middels.
Dat jild is fan ús allegear.
Mei dit jild wurde doelen dy’t de mienskip as wichtich beskôget, tsjinne. It jild wurdt net yn in sok treaun, mar wurdt aktyf beheard. It moat de ekonomy stimulearje as peiler fan ‘e wurkgelegenheidsûntwikkeling.

Fansels moat, oer meardere jierren rekkene, de begrutting slútend wêze. De totaalsomme oan ûnreplik saak belesting (Nederlânsk: OZB) 2009 wurdt mei de ynflaasjekorreksje ferhege.

Dêr komt gjin ekstra stiging oerhinne, mei it doel dat de keapkrêft fan ‘e boargers safolle mooglik beskerme wurdt.

 WOLWEZEN EN SOARCH

Wolwêzen en soarch sille in yntegraal ûnderdiel útmeitsje fan it gemeentlik belied.
By in moderne mienskip heart in fatsoenlik sosjaal fangnet foar dyselden dy’t net langer aktyf dielnimme kinne oan ‘e maatskippij.
De basissoarch heart wer ta de soarch fan ‘e oerheid te wurden.

Besunigings, burokratyske omballingen, trochsketten topsalarissen, ensafierder, hawwe in te hege tol easke. It is de taak fan ‘e gemeente om minsken yn steat te stellen om op in leechdrompelige wize diel te nimmen oan it maatskiplik ferkear.
Burokratyske hindernissen sille fuorthelle wurde.

Yn prinsipe moat eltse boarger yn steat wêze om mei te dwaan oan it maatskiplik ferkear. Hjirfoar sil de gemeente de needsaaklike rânebetingsten kreëarje moatte.

 ALDEREIN EN JONGEREIN

Alle aspekten fan nij of by te stellen belied sille hifke wurde op harren relevânsje foar âlderein, likegoed as jongerein. Dêrta wurde kritearia ûntwikkele. In oar spearpunt fan it belied is dat âlderein sa lang mooglik yn harren eigen omjouwing wenjen bliuwe kinne en jongerein yn it doarp/de regio dêr’t se opgroeid binne, in eigen wente fine kinne.

 KEUNST, KULTUER EN SPORT

De Lawei giet selsstannich fierder en wurdt renovearre om de ynstelling takomstbestindich te meitsjen. De hjoeddeistige lokaasje fan ‘e Lawei is dêr net allesbepalend by. Itselde jildt foar de bibleteek, it poppoadium en it museum.
Mar der is mear as de fêste kulturele oarder. De amateurkeunst en de kultuer- en sportbelibbing wurde yn de wiken en doarpen ek sterk stimulearre.

Wyksintra en doarpshuzen moatte op in fêste gemeentlike subsydzje rekkenje kinne. Bestjoeren en frijwilligers moatte sa yn steat wêze in kwalitatyf heechweardich oanbod te garandearjen.
Alle sportferienings dy’t no noch gersfjilden brûke, mar eins keunstgersfjilden winskje, komme hjirfoar yn oanmerking.
Dêrta wurdt in mearjierreplan opsteld. Stiftings en (sport)ferienings, dy’t benammen op frijwilligers oanwiisd binne, wurde frijsteld fan it beteljen fan ûnreplik saak belesting (OZB) of wurde kompensearre troch de wei fan in “kompensaasje subsydzje”.
Alle troch de gemeente finansiere (sport)fasiliteiten sille sa effisjint mooglik brûkt wurde. De (sosjale) skiednis fan ‘e Fryske Wâlden rjochtfeardicht –neist in argeologysk steunpunt- ek in Museum fan ‘e Arbeid.

 MILJEU

By it miljeubelied heart in duorsume ûntwikkeling foarop te stean.
It tsjef moat lykwols wol fan it noat skieden wurde.
Oerstallich miljeufanatisme yn ‘e foarm fan trochsleine regeldrift en hânhâldingssucht moatte oan ‘e kant setten wurde.
Wannear’t miljeuregeljouwing of hânhâlding dêrfan ta skea gean of driigje te gean fan wurkgelegenheid of de ûntwikkeling dêrfan, dan wurdt keazen foar wurkgelegenheid.

Der moat in belied ûntwikkele wurde dêr’t miljeubefoardering keppele wurdt oan wurkgelegenheidsûntwikkeling. Dat jildt benammen yn tiden fan stûkjende ekonomyske ûntwikkeling.

De kosten fan it polderhaadkanaal moatte ôfweage wurde tsjin it ekonomysk nut foar partijen en it plan moat ek passe yn in breder rekreatyf takomstich ramt, dêr’t de ferbining fan it iepen Fryske Marregebiet mei it Grinzer wettergebiet in essinsjeel elemint by is. Ek it oansluten fan doarpen op dat gebiet is fan wêzentlik belang.

Download SLVP ferkiezingsprogram